Kar meitsje
Der leit hy yn syn koer, ùs Ollie. Hy is siik en hy hoastset him stikken. Wy binne al wiken mei him oan it dokterjen. Hy hat focht achter longen en hert. Ik wit wol: hy is sechtjsin jier wurden mar as jo fan it bist hâlde dan wolle jo him sa lang mooglik yn libben hâlde.
Is dat egoistysk? Ik wit it net. Ik wurd hin en wer slingere tusken best bedoelde rie fan minsken om my hinne. Hy krijt piltsjes foar it pisjen mar ek foar syn hert. Samar ynienen kin hy nei bûten rinne en dwaan as hy noch in jonge hûn is. Mar dan wer leit hy der hinne as hie hy ùs al ferlitten.
Syn maat, Max, begrypt der neat fan en sjocht sa nò en dan by syn koer. Hoe moatte wy hjir mei oan? –Wat is leafde?– Troch gean en moed hâlde as moatte wy hjir in ein oan meitsje? Giet it dan om ùs as om it bist?
Ik besef my hoe swier it is. As it in minske oanbelanget wert jo ôfgryslik fan hâlde…
‘t Is tryst. Yndied een libben. Tink dat it beste kritearium is dat Ollie gjin pine hat. Sa lang dat net it gefal is, soe ik ‘m yn libben litte.
Maar oars…
Sterkte.