Keninginnedei
Keninginnedei 30 april 1960.
Ùs âlste soan is berne. Folgens de hûsdokter soe hy op 5 meie it libbensljocht sjen. It waard Keninginnedei. Mei in lokwinsk fan Keninginne Juliana (wie nèt altiid sa) in dûbel feest, fansels. Hy sels fûn der letter neat oan want alle oandacht gong nei de festiviteiten. De jierdei begong iere betiid mei presintsjes en femylje besite. It wie feest, san dei.
Njoggen- en fjirtich jier mochten wy syn jierdei fiere. Troch in hertstilstân kaam er samar in ein oan dit libben. Keninginnedei sil foar ùs noait mear weze sa as it wie. It is in feestdei wurden mei oranje ballonnen oan swarte toutsjes, fûgels dy falsk sjonge en de sinne lit him san dei net sjen.
En dochs sille wy altyd dizze dei fiere. Mei ùs dierberen.
1960-2009.
“…oranje ballonnen oan swarte toutsjes, fûgels dy falsk sjonge…”
Verdriet geeft gevoelige zinnen prijs.