Weitôge
SSneontemoarn, lekker betiid de stêd yn te boadskipjen. Prachtich waar, de sinne besiket troch de damp hinne te kommen.
Der rin ik yn de iere moarn, gjin mins te bekinnen. Ik tink by mysels: “Sa ûnbefongen en sereen moast it altyd wêze.”
Earst mar nei de Super, dan ha ik dat mar hân. En sa al rinnend meitsje ik myn plan.
De winkels gean stadich oan iepen, de rekken mei klean wurde op de stoepen set en it personiel groetet my freonlik. Se hope op in goeie omset.
Efkes by MS lâns as se ek wat aardichs foar my yn ‘e rekken ha. Nei in freonlik praatsje mei de ferkeapster gean ek wer fjirder.
Dan mar nei de nije moade saak, der slachje ik noch wol ris. Monter gean ik de winkel yn, lekker rêstich om efkes rûn te sneupen. Dan fal ik op in nyskjirrich pakje, passe en it is my tige nei it sin. Daliks mar ôfrekkenje, ik gryp nei de beurs mar net te finen.
Fuort is hy. Krekt werom hie ik him noch yn de hân. Panyk dus mar ik moat de kop derby hâlde. Wat no? Earst de klean te plak lizze en nei de saken werom wer ik west ha.
Dan nei de banken want alderearst moatte de pinkaartsjes blokkeard wurde. Wat in gedoch… ik sjoch hielendal net mear nei de opkommende sinne dy oan it wrakseljen is mei de moarns dauwe.
Dan nei it plysjeburo mar it plysjefrommeske sei: “Soks dogge wy net mear. Gjin tiid mear foar. Jo moatte nei it gemeentehûs.”
Ik toffelje wurch en fertrietlik it hiele ein nei it gemeentehûs. Ik gean yn de lange rigele foar de baly stean en sjoch yn tinzen hoe de kriminelen ús bank plonderje.
Nei al myn hawwen en hâlden op it papier set te hawwen gean ik nei hûs ta. Myn man hat er lokkich alle begryp foar en seit: “It komt wol goed, famke.”
Under it pankoek bakken giet de telefoan -de beurs, tink ik- mar it is myn suster. Ik leau dat ik net sa freonlik wie.
We sitte swijend te iten, allegearre ûnder yndruk fan myn aventoer. Yn ienen bliuw ik yn de lêste pankoek stykjen, de telefoan rattelet wer, en der is de beurs. In frommeske hat him fûn, yn bliid stean ik har te wurd. Efkes letter gean wy mei in grutte bos blommen op in paad.
Yn myn betinken binne der noch hiel wat earlike minsken.
Ey Wokke,
Leuk je verhalen te lezen. Ik kan het fries goed lezen maar schrijven is wat minder dus daarom maar in het Nederlands!
Ik heb je website gekregen van mijn Beppe dus ik denk zal eens even kijken en moest je de groeten doen namens Beppe!
Liefs Kim.
Wat aerdich fan dy,do sist de fryske taal ek wol sprekken leare, want do wennest yn hartsje Fryslân.