Sùtrich waar
Minsken, minsken wat in triest waar. Je soene er depressief fan wurre.
Stoarmje en reine, it is waar om de hiele dei ûnder de dûnstekken te krûpen.
De tùn dy ik sa kreas er by lizzen hie, is yn in pear dagen feroare yn in woeste nye.
Mar kom op, der binne noch genoch positieve dingen te merkbiten, allinne je moatte it sjen wolle.
It earste positieve is binnen, myn freondinne sms-te my dat se snein wer thùs komt. Se hat fjouwer wike by har dochter M. west yn Thailân. M. is trouwd mei in Thai, en jout les oan in internasjonale skoalle yn talen sa as Ingelsk en Thais foar beukers.
Mar apart genoch hoecht sy der net diploma’s foar te hawwen, se hat derfoar yn`t plak kursesen dyn. Sa hat elts lân syn seden en gebrûken.
Lokkich mar.
Ik sil hjoed siikje nei mear positieve dingkjes en ljochtpuntsjes want dat makket it libben as in stikje Oranjekoeke mei slachremme. Doche jimme ek mei?
Simone en Durk van harte gefeliciteerd met Durk zijn verjaardag. Ik weet dat hij niet van verjaardagen houd maar maak er maar een mooie dag van.
Durk dasto de kommende jieren it gelok fine meist, en in bytsje sûn bliuwe meiste.
In tùt en in krûpke fan Deity en Mem.