Oliver en Max
Witte jimme wol waard Ollie en Max binne? Dat sil ik jimme fertelle.
Dat binne twa Jack Russells. De iene is in echte en de oare is in ûndùdlik soart. De lèste, syn mem is in jûn nei de hûnendisco west en der is Max ùt foart kaam. Olly wie der earst in echte dus, hy komt dan ek fan in flatsje ùt Ljouwert mar wie by syn frou oer en te folle en sa kaam hy by ùs telânne.
Jelle, ùs eardere hûn, wie in ùt te klùten waakse Cockerspaniël. Hy stoar samar ynienen troch in hertstilstân.
Ollie wie der sa fertritlik fan dat hy iet en dronk net mear. Hy gong geande wei efter ùt. Wy seine tsjin elkoar: hy moat wer in maat ha. En sa stie op in goeie dei Max yn ‘e Feanster krante. Ek hy wie oer en tefolle, noch mar amper in jier âld en al fjouwer bazen hân.
De beide karakters binne tige ùtrinnend. Ollie is in ‘ik’- figuur as ik it mar ha, mar wol hiel ùtwosken. Max is skrander. Hy begrypt wat wy sizze, ùs omgongstaal is dan ek allinne yn it Frysk mar hy komt dan ek ùt Jobbegea.
Se binne nò beide tsien en âlf jier by ùs, it binne ùs bern wurren. Sy hearre by ùs libben en ha ùs in protte leafde jûn.