Ùs folksweinbus is ferkocht. It die my wol wat dat hy nei jierren troue tsjinst foart gong. Ik woe my net kinne litte mar ik wie der emosjoneel fan.
Jimme sille wol sizze;”Wat is dat nò it is mar blik, hear!” Jimme hawwe grut gelyk mar dochs…. We hawwe dizze bestelwein tsien jier hân en hy hat wol hûnderdtweintich tûzend kilometer riden. We hawwe hiel wat mei dy bus belibbe, onder oaren ek mei ferhuze. Earst moast de iene soan ferhùzje en doe de oare. Ek in neef yn Amsterdam moast feroarje fan stee, fan de iene kant fan de stêd nei de oare. En dan noch al dy keren dat wy nei it stoart moasten en hy oan è kop ta fol siet mei ôffal. Hy hat ek noch hiel wat keren riden foar de rommelmerke foar ùs tsjerke. En dan waar hy de lèste jierren brûkt as kamper. Der waar yn slept, iten en wat noch mear… Yn grutte rûnte wie hy bekint om syn kreft en romte en wer ferskate minsken gebrûk fan makke ha.
Mar goed. Hy is no foart. Ik ha him nei sjoen en him it beste winske. Ik hoop dat hy noch in hiel soart minsken wille jaan mei.
Der is wer in oare auto foar yn it plak kaam in behindiger weintsje. Mar dizze moat er noch hiel wat foar dwaan om te wurren lyk as syn foarganger. Wy moatte elkoar noch leare te wurdearjen mar de tiid sil it ùtwize.
Begripe jimme wol…