Memmetaal
Wat is jimme taal? Is dat Frysk? As prate jimme Nederlânsk?
Myn bertetaal is Frysk en der bin ik grutsk op. Werom? Dû ik berne waard sei myn mem: “Wat binne wy bliid mei dy”. Dû de grutte leafde yn myn libben kaam sei hy: “Ik hâld fan dy”. Dû myn heit stoar wiene syn lèste wurden; “Jjimme binne alles foar my”. Dû myn mem demint waard koe se allinne yn har berte taal kommunisearje.
En as it earste wurdsje Mem is...
Wer kinne jo je gefoelens better ynkwyt as yn je memmetaal? Jo emoasjes, fertriet, blidens mar ek jo lilkens… dat kin allegearre yn jin berte taal. En siz nò sels; yn net ien taal klinkt Heit en Mem as Pake en Beppe sa moai as yn it Frysk!
Mar ik meitsje my soargen oer ùs taal. By de basisskoallen krye de bern gjin Fryske taalles mear, de gemeenten hat er gjin jild mear foaroer. Jonge âlders, berne yn fryslân, prate mei hun bern Hollânsk. Se binne bang dat hun bern achter bleauwe yn hun ûntwikkeling. Fan it selde praat de juffer op de beukerskoalle Hollânsk omdat er ferskate bern ùt in oar lân komme. Dochs is myn miening: lear se twa talen, dit is nò hun Heitelân. Myn bern hawwe goed frysk leart wylds se mei oare talen yn oanrekken kamen.
In sikenhûs yn Fryslân nimt allinne personiel oan dy`t Frysk prate as in kursus Frysk dwaan wolle by Afuk. Dea en libben lizze ommers deun byelkoar.
Tink om dyn Fryske woartels… do wost se dochs nea ferleagenje!