De brêgewachter
In soan fan ùs hat hiel lang brêgewachter -wipper- west op ferskate brêgen yn Fryslân. Prachtig wurk fûn hy dat. Direkt kontakt mei minsken. Ien brêge wie syn favoryt. Dat wie in brêge wert wol gauris skûtsjeskippers lâns kamen. Dy ferfierden dan fean en tûnmodder. Se kamen dan altiid efkes by him om in praatsje en in bakje kofje. Troch dat sy geregeldwei by him lâns kamen ontstie er in sekere freonskip. Der waart him fan alles ta betrouwd. Hùshâldelike problemen thùs as bygelyks it ferlies fan in bern. Mar as it wurk ôfrûn wie bleunen de ferhalen yn it brègehokje achter, dat wie de ôfspraak.
Hoe folle moaie beroppen binne sa net ferdwûn.
Nim nò bygelyks de wyksuster dy elke bewenner fan har omkriten koe. De molkkarre dy alle dagen lâns kaam mei syn boekje. De plysje dy yn it doarp wenne. De man fan de fersekeringen en de hûshier; sy kamen eltse moanne lâns. Om dan mar oer de postbode te swijen… wat koe dy eltsenien. Hy sei gewoan tsjin myn mem:”Jo krye moarn in iter..” Dat hie hy al fèst mar lèzen.
Mar jimme witte grif wol mear beroppen fan eartiids. Se binne allegearre foart, de sosjaale earmoede kaam der foar yn `t plak.
Dizze minsken fan eartiids binne de pylders fan ùs bestean.
Ferjit se net!
~Heabrêge~
Gelukkig hebben we nu internet, het medium waarbij we op allerlei manieren een praatje met elkaar kunnen houden. Mem schrijft erg leuk, belicht mooie onderwerpen met een vleugje humor hier en daar. Ik hoop dat Mem nog lang blijft schrijven op haar blog 🙂
‘t Is wat Siementsje seit; wer we eartiids it soarte minsken hienen wer ùs memmeminske oer skriuwt, komme nije media foar yn it plak. Nije manieren om elkoar een hert ûnder de riem te stekken. Een soarte firtuele earm om ‘e skouder.
Se binne d’r nog wol, dy minsken. Je moatte allinnich witte wer se te finen.
Oh ja; dy foto ha ik makke op de dei fan ‘e kremaasje fan ùs brègewachter. Doe binne wij efkes bij de Heabrege stoppe, wit mem noch?
Fûn it wol sfeerfol.
Goed en wol, dy nije media en sa mar dochs sjoch ik in ien leaver yn de eagen ,en as it nedich is ha ik graach in earm om my hinne. En dat is elektroanysk net mogelik.
Daar heeft Mem wel een punt. Eens. In het echt is het toch wat persoonlijker en warmer. Gelukkig bestaat dat ook nog wel maar is het minder dan vroeger, helaas. Tiden hawwe tiden zullen we maar zeggen 🙂