Ik bin opstannich, poer en steech…
Wy, myn man en ik, hearre by de grize grutte kliber. Dat wurdt ús alle dagen ynpipere troch it regear en de media. We wurde te djoer foar de maatskippij. We hawwe nearne rjucht mear op. En as jo op âldens yn in âldminskehûs telâne komme, dan kin der gjin dûs as skjinne broek mear ôf.
Nee, wy moatte ús soargen meitsje oer ús neiteam!
Se prate jimme ek noch skuldgefoelens oan. Us hiele libben hawwe der foar wrotten en betelle en no moat it mar es ophâlde mei dy A.O.W.
Dy âlde hap hat wol jild mei hun dikke pensjoenen. Mar hoe moat it dan mei de minsken dy altyd selsstannich west ha? Sy ha gjin pensjoen opbouwe kinnen en hja hiene skreppen om de kop boppe wetter te hâlden.
Nee, wy moatte tankber wêze. ‘Jimme hawwe it sa goed! Sjoch es nei dy earme lannen, dy minsken ha hielendal gjin A.O.W!’ seit men.
Ik bin wol ris mei myn gewisse yn de tys want moatte wy net om ús meiminske tinke? Ik wurd hinne en wer slingere tusken meilijen en meilibjen…
Mar wat wol frjemd is: wat is it noflik as de buorren ús paad sniefrij meitsje en boadskipje foar ús. Ik wol wol âld wêze mar net fan hegerhân sa behannele wurde.
Healwiis net? Ik moat wol sizze: wat bin ik opknapt no ik myn galle spuit ha yn dit stikje.
Dat moat ik mar ris faker dwaan.