Klokken Tiden hawwe klokken hawwe tiden

It hearren en sjen fergiet je as de pendule slacht. It is krekt as slacht de klok fan‘e toer út myn doarp.

Myn man kin him der ôfgryslik oan steure. Sit hy nei it nijs te sjen en troch al dat leven fan dy klok hat hy hiel wat wrâld ellinde mist.

Mar ik ha wat mei dy pendule.

Myn heit en ik ha him yn de oarloch op de fyts ophelle. En betelle mei bûterbonnen. Ik wit it noch as de dei fan juster. De goudsmid en syn frou wiene foar de helte joadsk. Hja hiene honger en wiene dea benaud. En as je lyts binne jout dat grutte argewaasje.

En no nei santich jier hat hy noch nea foart west te meitsjen.

Dan ha wy yn dy selde keamer noch twa klokken. De iene is in regulateur en de oare klok is in Zaanske, erft fan in leave muoie. By de regulateur is ek in ferhaal.

Myn muoike útfanhuze as lyts famke by famylje. De hiele nacht hearde se klokken slaan. Doe`t sy de oare moarns in kopke tee op bêd krige, sei se: ‘Wat ha jimme in klokken en allegearre ha sy in oare slach en in oar lûd.’

‘Welke wolst ha?’, waard har frege, ‘do moast him sûnder te sjen op it lûd útsykje.’

En dat waar de regulateur, se hat him jierren letter oan my neilitten. In neitins oan in dierber minske.

De Zaanske klok ha wy ek erft mar dat seit ús net safolle. Wy binne mear fan de Fryske klokken. Klokken kinne jo net sa mar keapje; jo moatte der in bân mei krije. In klok moat in hert en skiednis ha.

LÊS EK:  Frijwilligens

Myn man moat mar in eartelefoan oanskaffe. De klokken sille fan hun hearre litte fan slachte oant geslacht.

comment_count comments
Oldest
Newest
Oldest

Comment as a guest:

>