Fan 1904 oant 1968 libbe in bysûndere man. In man dy hiel wat stiennen yn syn libbensstream ferlein hat.
As âldste fan fjouwer bern moast hy al op jonge leeftiid nei de boer. Syn libben bestiet sa as mear fan syn generaasje allinne mar ùt wrotten. Hy troude mei ùs mem en waart molkfarder. In tige dreech bestean; fjirtich mingel molkbussen tôgje, dei yn dei ùt, fan de boer nei it molkfebryk. Fiifentweintich jier hat hy dat wurk dien. It hat him letterlik sloopt mar krimmenearje dy hy nea.
Hy hat op de Grebbeberg fochten en hat de dea yn è eagen sjûn. In wike hat hy fermist west oant wy in kaart krygen mei de tekst “ik libje noch”. Mar dat wie nèt genoch foar him, hy giet by it ferset. Mei syn maten ùt de ûndergrûnse hat hy hiel wat sterke staaltsjes ùt helle. Sa folle mogelijk de fyân dwers sitte, dat wie hun stribjen. As bern leinen wy yn in bedstee, boppe in kelder fol mei wapens en der leinen by myn witten wol fyf jier lang winterjirpels op. Wy hawwe as bern nearne troch hân wat der om ùs hinne barde. Foar myn gefoel is der foar dizze lytse groep fersetsminsken fjirst te min oandacht west.
Mar foar my is ùs heit in held. Ik bin grutsk dat ik in dochter fan him bin en ùs bern san pake hân ha.