Kofjeshop as tsjerke
Nei de tsjerketsjinst stean ik bûten in sigaretsje te smoken. In minne gewoante, jimme hawwe grut gelyk. Mar dochs hat it dizze sneintemoarn sa wèze moatten, tink ik.
Lyk tsjin oer de tsjerke is in kofjeshop. Wyls ik der stean te smoken sjoch ik hoe in jongkeardel oan de doar ratteld. Hy hat pech: op sneintemoarn is de shop ticht. Op syn fraach hoenear dy wer iepen giet wiis ik him op de tsjerkedoarren dy ùtnoegjend iepen steane. “Do kryst der ek noch kofje”, siz ik. Efkes letter sjoch ik him tusken de tsjerkegongers sitten drok yn petear -Ingelsk- mei kofje en koeke.
Soe dit net de bedoeling wèze fan iepen tsjerkedoarren ?
[in soan]
2.778
Category:
D'r is meer..., Samar