Prelude
It is wer sneintemoarn. De muzyk fan radio Fryslân galmet troch de keamer. Fan acht oan`t njoggen oere is er eltse sneintemoarn ‘Prelude’ -in yntertsjerkelik geastelik musyk programma- ûnder lieding fan Rein Tolsma.
It is in fersyk programma wer`t minsken oeral wei hun sibben en freonen lokwinskje kinne. Sa wol mei in lied as in musyknûmmer in hert ûnder de riem stekke kinne. Dan is er in koarte oertinking troch in libbenskôglike gast.
Ek dizze skriuwster mocht in pear kear de koarte oertinking fersoargje. It is noch knap dreech om yn koarte tiid te sizzen wat jo leauwen ynhâld en wer`t de harkers ek noch wat oan hawwe.
Prelude is in nyskjirriche ùtsending wer`t in protte nei harke wurd yn Fryslân en der bûten. Dat it noch lang yn de loft bliuwe mei, is de winsk fan in soart harkers.