De Bân
Der sitte wy dan mei sân man om de tafel. Ien kear yn ‘e moanne binne wy drok dwaande mei it tsjerkeblèdsje. It is klearebarre frijwilligerswurk. Dizze minsken binne dan ek allegearre yn de ‘fut’.
De iene is oan it nietsjen en de oaren binne oan it tearen. It is in bûnt selsskip fan froulje en manlju. Der sit in âld hushâldskoalle learares by, in haad fan in basis skoalle, in âld direkteur fan in suvelfebryk, in ex dûmny en dan ien ùt de horeka en in lytse selsstannige.
Wylts wy sa dwaande binne wurd er fan alles bepraat en wiidweidich behândele. De ien besjocht it sa en de oare sa. De tsûnami yn Japan, Libië mar ek de wrâldpolityk: fan alles giet oer de tafel. Ek Obama, frou Merkel , Sarcozy en de libbensgenieter Berlusconie, mar ek ùs eigen regear fansels binne al es op it plusenkleed west. Hja komme allgearre oan bod. En wy ?
Wy witte alles better fansels…
Ek it kofjeskoft is tige gesellich mar” De Bân” is klear en wy binne wer op ‘e hichte fan wat der yn ‘e wrâld spilet. Oant oer fjouwer wike dan, minsken!