De Papierman
Midden yn it sintrum fan it doarp stiet it ferkear stil. It sit muorrefest. Myn broer hâld de hiele boel op, hy is de papierman fan it doarp. Mei syn fiets en in ôfladen oanhinger stremt hy it hiele trochgeande ferkear. Jierren allyn doe der in hiel soart fraach wie nei âld papier is hy der mei begong. De terptsjerke moast de heechnedige opknapbeurten ha mar der wie gjin jild foar. Sa is hy yn oerliz mei de tsjerklike en boarglike gemeente oerien kaam om it âld papier op te heljen. De middenstân fan it doarp kin op him rekkenje -waar as gjin waar- hy is yn it doarp te finen.
Mei sinterklaas wurre sy bedobbe ûnder de sinterklaaspakketten. De minsken hâlde fan dizze papierman fan twa en tachtich jier en litte dat ek blike. Ek it programma “Hea” hat him alles foar it fuotljocht brocht. Syn frou seit wol es; “As hy dit wurk net meer dwaan kin, dan wurd dat syn dea.”
It ferkear stiet wer es muorre fest, myn broer wurd er kâld noch waarm fan. “Se wachtsje mar efkes..”, seit er. It libben is koart genoch om je der oer op te winen.
Efkes letter wurd der in hiele grutte container foar de doar set it wurd er donker fan yn ‘e hûs…