Kreakers
Wat kin it sneintemoans betiid stil om jo hinne wèze.
Net in mins op ‘e dyk. De iene helt fan Fryslân sliept ùt en de oare helt giet nei`t tsjerke. Nò sa krekt wit ik it ek net fansels, miskien lizze de getâllen wol oars. Dan yn ienen yn dy noflike stillens wur ik steurt yn myn prakkesaasjes. In pearke koalmezen { bijbiters} ha in wente fûn. Hiel heech yn de beam. Wy hawwe it fûgelhûske dit jier net skjin makke omdat wy net ùt de beam knoffelje woene en ha it sloere litten.
Mar dan sjoch ik yn ienen in mantsje en in wyfke koalmins oan it maitydshimmeljen. It wyfke hat de lieding, sy jowt it mantsje ynstruksjes wat hy dwaan moat. Sy sit op in tûke en folget sekuer wat hy docht. Al it ôffâl fan de foarige bewenners wurd troch it gâtsje smiten. Jo steane der fersteld fan wat sy efterlitten ha. Dan hâlde hja efkes skoft, se geane neist elkoar sitten en hâlde wurkoerliz.
Dan yn ienen in heidensk kabaal in tûke heger strike in pear konkurinten del. Ùs pearke wurd hielendâl oerremis; wurk foar neat dien! Se raze alles byelkoar en fladderje mei de wjukken om jaloersk op te wurren, wat in enerzjy. Ik stean yn dubio moat ik ek helpe? Ik stean al mei de spinreager klear. Mar de kreakers binne mei de fjerren tusken de poaten ôfsetten.
” Sy witte ek net dat er in kreakferbod kaam is.”
Mar wat is it sneintemoarns betiid moai. Myn dei is wer goed.