Leger des Heils
De wite slûffe fan it Leger des Heils leit wer op de doarmatte. Se fine dat ik myn kleankast opromje moat. Eltse maitiid sette se my wer foar it blok.
Ik ha wat mei it leger. Se doche sa safolle goeds foar minsken dy it minder ha as ik, dat ik my altiid skuldich fiel. It ienichste wat ik dwaan kin is kleankasten leechhelje. Mar dan komt it; ik liz op è knibbels foar de kast. De hiele brot moat er mar ùt en dan skiftsje. It iene kleanstik nei it oare giet troch myn hannen. Elk hat syn ferhaal; dat blûske ha ik droegen mei in brulloft en dy trui krige ik fan in dierbre freondinne.
Nei in skoft sjoch ik dat alles wer netsjes yn de kast leit. Mar dy sek dan fan it Leger, dy leit fergetten earne op ‘e grûn. Dan mar nei myn man syn kleankast, der leit fest wol wat yn. Hy is net san ien fan de lèste mode en trants hat hy gjin weet fan. Op it ein fan de moarn stiet de sek op ‘e stoepe. Ik ha in foldien gefoel want ik ha dochs wat foar myn meiminske dien.
“Wer is myn âlde broek en dy noflike trui?” ropt myn man. “Moast mar goed siikje”, siz ik; “Do list altiid alles slingerje…”
Foto: ANP/Parool
Ik jou myn klean tsjintwurrich mar oan broer TA. Dan wit ik dat dat goed terjochte komt.
Do hast gelyk dat is ek in goeie ynstelling.