Poèzy- Poesje- album
“Moast es lâns komme”, sei myn broer; “ik ha in ferrassing foar dy.” Meer woe hy net sizze. Ik nijskjirrich fansels.
Al ridlik gau nei dit petear fertelde hy dat it haad fan de Basisskoalle ùt myn doarp op besite west hie. By it opromjen fan de souder fan de skoalle wiene er twa poèzy- albums fûn. En omdat ik in echte fryske namme ha dy net faak foarkomt tochten sy oan my. Nei fyfensechtich jier hie ik myn poèzy-albums werom.
By it lèzen fan dy ferskes waard ik bytiden oandien fan. Skoallefreondinnen dy ik al lang ùt it each ferlen hie gongen oan myn each foarby. Myn âlders, myn pakes en beppes; hja stiene der allegearre yn. En dan dy printsjes der by, it wie oarlogstiid neat te kryen. De minsken moasten kreatyf weze. Der waard wat ôfknipt en plakt. It earste poèzy-album kaam ùt it jier 1941 en de twadde ùt 1946.
Foar`yn it boekje stiet yn breklik handskrift;
Libje fleurich mei ferstân, yn ùs Fryske lân.
Hâld dy oan ùs Fryske aard.
Yn dyn wèzen, yn dyn praat.
Slocht en rjocht en froed
fan sin, sûn en rûn, dan is `t goed.
Nijsgjirrich, net?
Poèzy-album ha ik dan net safolle mei mar ik fûn wol myn âlde deiboeken werom. Doe ik nog een jonkje wie en ûnwis oer it libben. Grappich om dat werom te lezen en te sjen hoe oars dat alles run is…
Dit binne saken om te koesterjen.
Stjûr se mar ik meitsje der wol in ferhaal fan.