Oranje-Bitter
Keninginnedei is foar ùs in bysûndere dei. Net allinne in feestdei omdat Keninginne Juliana eartiids jierdei wie mar ùs âlste soan waard berne op har jierdei.
Tritich April njochentjen hûnderd en sechstich waard hy berne. Wy krygen doe ek noch in felisitaasje fan Hare Majesteit wat jilde foar alle bern dy `t op dy datum berne waarden. Mar foar ùs is it in feestdei mei in rourântsje wurren. Oardel jier allyn ferstoar hy oan in hertstilstân, samar ien ienens. Hy wie njoggen en fjirtich jier.
En dochs bliuwt it in bysûndere dei. Mar wol in Keninginnedei mei Oranje-Bitter.
4.093
Mear fan dit...
Category:
De Famylje, Samar
Mar hij bliuwt altyd yn us hert. Ek op dizze feestdei…
Dat heeft Mem weer mooi geschreven/weergegeven, bitter-sweet.
Fijn dat wij elkaar hebben en onze gevoelens kunnen delen.
harstikke goed mem