Sjouke de Zee| 1867-1954
Op de grutte souder fan “Woudlust” leit in jonkje fan amper acht jier plat op ‘t liif te lèzen.
Hy hat in tsjok boek foar him lizzen. Mei koperen heaken en hoekstikken yn in âld learen bân.
It is de Fryske steatebibel mei prachtige printen yn Goatysk skrift.
Sa jong as hy is wit hy al wat hy letter wurre wol: dûmny. Hy wol grutte kloften minske tasprekke, hun oansprekke op hun idèalen.
Net ien fertelt hy fan syn dreamen want se soenen him ùtleitsje.
Dat jonkje hjit Sjouke.
Sjouke hat seis bruorren en ien suster. Syn heit hie earst in lyts spultsje fan sân kij, troch in erfenis kamen se op de grutte pleats “Woudlust” te wenjen yn Boarnburgum.
Troch de delgeande tiid fan de tachtiger jierren moat de pleats foart. Sjouke wurdt earst skuonmakker en dan boerefeint. Mar dan kin hy him ûntwikkelje. Oerdeis hurd wurkje en jûns der op ùt om te sprekken. Hy had yn syn libben njoggenhûnderdfiiftich taspraken hâlden.
Twa kear reizige hy ôf nei Friezen-om-ùtens mei de boat de grutte oceaan oer nei Amerika.
As politikus bringt hy it ta gemeenterie en steatenlid foar de S.D.A.P. Hy wurdt dichter en skriuwer en begjint toanielstikken en revues te skriuwen dy oeral yn Fryslân opfiert wurre. Der ferskynt de iene nei de oare gedichtebondel mei prachtige pintekeningen.
Op 29 Juni 1954 komt er in ein oan it libben fan dizze grutte Fries en sosjalist: Sjouke de Zee. Wy binne him tige tankber dat hy syn libbensferhaal oan ùs neilitten hat.