Sliepeleazens
Hawwe jimme dat ek wol es dat je midden yn ‘e nacht wekker wurre en net wer sliepe kinne?
Ik doch myn ùterste best en gean fan de iene side op de oare. Alles wat er hjoed bard is giet as in film oan myn eagen foarby. It slagget my net om de bylden dy myn harsens hjoed op slein ha en oan myn eagen foarby gien binne kwyt te reitsjen. Ik gean der mar ôf en set de televyzje oan.
It doarp wer ik berne bin is foar Omrop Fryslân. Wat doche de ynwenners hun best om goed foar it ljocht te kommen. De striid tusken de doarpen is los brutsen; welk doarp soe it beste ùt de ferve komme? Ik libje o sa mei, ek al wenje ik der net mear. Myn eigen doarp is favoryt fansels. Ik sâpje wat troch fan de iene sinder nei de oare. De rjochtsaak fan de deade poppen ùt Beets wurd hierfyn ùt de doeken dien. De media kin der mar gjin genoch fan krye, op alle sinders wurd it ùtsjûrd.
Sa gean ik fierder mar wur nearne sloech fan. Bûten it nijs om binne it allinne mar programma`s fan moaie jonge froulje dy amper klaaid binne en graach kontact ha wolle. Mar dat boeit my net, se litte my allinne mar sjen dat ik dy leeftiid allang efter my litten ha.
Ik nim mar in sliepmûtske. Mooglik slagget it dan.