Cesar Millan
Yn de grutte Heineken Music Hall yn Amsterdam sitte wol twatûzend minsken mei spanning te wachtsjen op de grutte Cesar Millan, de hûneflùsterer.
Onder it publyk sit ek myn freondinne mei har dochter. Beide binne hja gek fan hûnen. Einlings ha se kaartsjes krye kinnen om dizze foarstelling by te wenjen. It wie al trye keer ùt ferkocht. Eltse snein kin min him sjen mei syn programma The Dog Whisperer op National Geographic. It is in man mei garisma, mei ùtstrieling, hy wit de harkers te boeien. Mar hoe dy man ek mei hûnen mei gedrachsproblemen omgean kin, der stean jo fersteld fan.
Syn stelling is: hy behanneld minsken net de hûnen. De minsken bepale it gedrag fan de hûn. Krekt as mei opfieding fan bern; min moat konsjekwent en stânfestich wèze. Myn freondinne en dochter wiene djip ùnder de yndruk fan dizze Mexikaanske Amerikaan. Nei in pear dagen fan trainen koe sy al merkbite dat har hûnen better nei har harken. Mar ek hie it al ynfloed op it gedrach fan har oare bisten sa as har katten.
Ik freegje my ôf hoe fier giet soks? Mei leafde en hert foar alles wat libbet kom jo ek in hiel ein…