Fryske nammen
In jier as wat allyn erfden wy fan in muoike in bysûnder bibeltsje mei leren kaft en sulveren beslach. It kaam ùt it jier 1831 en wie bedoeld as geskink foar it breidspear. Namme en tanamme, berte- en stjerdatum stiene mei grutte letters yn notearre.
Faak tocht ik; wa soene dy minsken west hawwe? Minsken boeie my. Oan’t wy op begraffenis moasten nei Nijegea, Smellingerlân. Sa as it eartiids wisânsje wie, moasten wy trijes om it tsjerkhôf rinne. Wylds wy stean te wachtsjen falt myn each op in grêfstien. Mei in skok sjoch ik de nammen fan it echtpear ùt it troubibeltsje. Tsjeard en Tryntsje binne hjir te hôf brocht yn 1900.
Troch de Fryske nammen ha wy har wer fûn. Ùs soan hjit ek Tsjeard, ferneamd nei syn oer oer Heit. Wat is it moai om in Fryske namme te dragen en om nei Heit en Mem as Pake en Beppe ferneamd te wèzen. As ik soms hear hoe Fryske âlders hun bern ferneame nei pop- as filmstjerren, dan fyn ik dat begrutlik. Dizze bern sille nea hun skiednis, hun histoarje efterhelje kinne. It binne net altiid moaie Fryske nammen dy men yn de famylje hat mar der is fèst wol wat op te finen.
Nim nò ùs Doutzen. Har namme giet oer de hiele wrâld en wat binne wy der grutsk op ist net wier…