Kanker
Mei in pûde sinappels ûnder de earm bin ik ûnderweis nei in freon. In dierbre freon dy ik al hiel lang kin. In skoft allyn krige hy te hearren dat hy prostaatkanker hie. It slûch by ùs yn as in tongerslag.
De earste reaksje wie dat kin net hy sjocht der sa goed ùt! Mar dochs wie it sa, hy hie al in tiid klachten mar ja – ik wurd âlder sei hy, dan dat heard er by- . Nei ferskate gemyske terapyen en medisinen is hy wer thùs. En sa gean ik op besite mei lead yn ‘e skuon. Wat moat ik tsjin him sizze? Moat ik him opfleurje en bemoedigje? Mar it pakte hiel oars ùt. Hy stiet my al op te wachtsjen, fleurich sa as altiid. Wat ha ik in moaie middei hân. En wat ha wy in goed petear hân.
‘Kanker..’ seit er; ‘in oar kryt it ek. Werom ik net? Jimme binne noch lang net fan my ôf…’
Ik gean nei hûs mei in bliid gefoel, ynpleats fan ik him hat hy my opfleure. Fyn om san posityf minske as freon te hawwen.
‘t Is een tryst mar ek een opgewekt stikje wurden. Yn een pear wurden een hiele protte emoasjes.