Komplimintsje
“Sjochst ek wat oan my?“; freegje ik myn man. Ik stean om him hinne te swaaien en wachtsje op in komplimint. “Stiet dy goed…” is syn anderd; “Hast dat allang?” Ik freechje in freondinne, grutsk as ik bin; “Hoe fynst de tûn?” “Do moast dyn gers net te koart meane” seit hja.
Eartiids dû ik in famke wie holp ik wolris in boerinne. Dy sei dan; “As ik har in kompliment jou rint se noch hurder” As in dominy earne preke hat seit min tsjin de man; “Wy ha jo wol minder heard as jo meie wol ris werom komme.”
Wat is dat nò? Werom jou`e wy mekoar op ‘e tiid net in komplimintsje? Is it ùs Fryske folksaard as by tiden oergeunst? As is min benauwd dat je nest jo skuon rinne sille? Jou elkoar mar es in skouderklopke as in komplimintsje. Dat is goed foar jo eigenwearde….
Komplimint foar dit stikje. De spyker op syn kop.
Myn komplimint, do fielst my altyd goed oan.