Markol
Ja hear, myn Markol hat jongen. Nò ja, ‘myn’… dat is oerdreun fansels. Al wiken rin ik mei Max lâns in nest Markols. Yn bewûndering stean ik fan in ôfstân te sjen, sa keunstich as it makke is ferstoppe tusken it reid. Ik hie mei it wyfke te kryen, se siet der mar: dei yn, dei ùt. Ik frege my ôf: soe sy wol genoch iten krye as soe sy ek lèst fan har kontsje ha.
In freon sei tsjin my dat it mantsje en it wyfke mekoar ôfwikselje. Dat sil wol mar ik seach er nea in mantsje by. Jo witte it net mei dy mânlju, ek fûgels libje yn 2011. Mooglik binne der de normen en wearden ek wol feroare. Mar fan middei ha ik de jongen sjoen: trye as fjouer reade dûnskopkes stutsen boppe it nest ùt. En it mantsje, wat hat hy it drok mei it fangen fan michjes rûpkes en wat er mar fleant en driuwt.
It wrâldnys oer diktator Khadaffi en fan de dea fan Bin-Laden: it kin my net mear boeie. Ik hoopje mar dat de famylje Markol yn sûnens grut wurre mei…