Memmedei
Moarn -acht Meie- is it wer Memmedei. Al wiken is de media dwaande om ùs op in emoosjenele wize te bewurkjen. Op ferskate manieren wurd ùs onder de noas wreaun dat wy foaral Memmedei net ferjitte moatte. Op in psychologyske en ùtdoktere wize wurre wy bewurke om dochs mar fan alles te keapjen. En as wy der net oan mei doche, dan seit ùs gewisse: ‘Do hâlds net genoch fan dyn mem‘.
Eartiids diene wy der thus neat oan, dat wie noch net yn ‘e mode. Ùs heit naam wol ris in blomke mei foar ùs mem mar dan hie hy wat goed te meitsjen, tink ik. Letter troude ik en myn man sei; ‘Der doche wy net oan mei, dat ha middenstânners ùt fûn‘. Dû ùs bern lyts wiene kamen se mei in tekening thùs foar memmedei. Ik ha se bewarre, kreatyf wèze en ynspanne om wat foar har te meitsjen, dat waard wurdeare. Memmedei is prachtich mar it jier is lang, lit it net by iene dei sitte.
Snein komme ùs bern thùs, we meitsje der in smoute dei fan. En blommen hoecht net, ik wit dat jimme fan my hâlde.
Nou, foarut: dan toch mar een blomke foar us memmeminske:
http://www.mybestdesktops.com/wp-content/uploads/2008/03/spring-flowers-5.jpg
Dogge we d’r toch een bytsje oan 😉
Ik moast tinke oan in âld poèzy ferske:
Roazen bloeie, blommen fergean mar ùs leafde bliuwt ivich bestean.