by Wokke
Bouwe op in dream
Der sitte wy dan op sneintemoarn mei san tachtich man yn it Meniste skûltsjerkje fan Tsjalberd. Yn it ramt fan de festiviteiten rûn it jubileumjier fan de Menisten is der in tsjinst mei grut koar ùt Zwolle. It thema fan de tsjinst is “Bouwe op in dream.”
Foargonger Henk Klein Nagelvoort leit ùs ùt dat it net by in dream bluiwe moat, mar dat it leauwen wèze moat yn de takomst. En net fan moandeitemoarn oan`t sneintejûn mar dat wy ljochtdragers en smaakmakkers wèze moatte. It binne wurden dy`t jo oan trùnje om te libjen sa as it fan ùs frege wurd.
Moaie wurden en ik bin beslist fan plan om se yn dieden om te setten. Mar ik bin mar in minske. Ik kin myn “lek en brek” mar al te goed…
2.569
Category:
D'r is meer..., Op stap