High Tea
Der sitte wy dan mei in ploechje froulje op it terras oan de Vegelingswei, efkes bûten de Jouwer. Wy binne yn in krûden- en plantentùn en sille oan ‘e ‘High Tea‘. Dat wol sizze; tee priuwe fan ferskate soarten planten, blommen en krûden. Sa as sitroenmelisse, krûzemint en lavendel. We krye taartsjes makke fan ierdbeien en rabarber.
We hawwe ùtsicht oer in prachtige tùn mei in dobbe fan san 5oo m2. En om dy dobbe waakse de moaiste wetterplanten. We krye utlis oer wat de minsken eartiids mei krûden dienen as hja goarrich wiene. As min wat oerspant wie dronk min tee fan melissse. Sa hie min krûd foar elts skeel as krupsje. Ûnder it tee drinken en it priuwkjen fan alles wat de gastfrou bakt hie kamen de ferhalen fan eartiids. Doe ùs memmen noch gjin weet hiene fan Bio- en Krûdewinkels. It wie in slagge middei, we binne hiel wat wizer wurden oer de gewassen fan eartiids mar ek hoe wy dy hjoed de dei noch brûke kinne.
Wy sjogge werom op in slagge ‘High Tea’ en elts giet nei hûs mei in krûd wer gjin kwaal tsjin opwoeksen is.
Mar hokker kwaal en hat it ek holpen, dat sille wy wol nea te witten komme…