Swier waar
Midden yn de nacht stiet ùs heit by it bed: “Jimme moatte der ôf komme..“, seit er; “..it wurd swier waar.” Sliep dronken stroffelje wy fan bed heal yn ‘e sûs. We moatte ùs oanklaaie en by de tafel sitten gean. De iene tongerbuie folget op de oare. De bliksem set de keamer yn in fremd ljocht. “Raar.” tink ik by my sels; “De keamer is moaier dan foarhinne.“
Yntiid hat ùs heit it izeren kistke mei weardefolle papieren midden op tafel set. As it ynslacht kin hy dat sa gripe. Yn it kistke sitte de fersekeringpapieren en it trouboekje. Ûnderwylts hat ùs heit it drok, der wurd in grutte doek oer de spegel hong en it koper wurd ta dutsen. Yn spanning wachtsje ik ôf wat der barre sil. Myn broers binne yn sliep fallen. Ik bin klearwekker en sjoch om my hinne en fiel de spanning fan it momint.
Yntiid hat ùs mem noch wat erfstikken op tafel set, min wit mar noait. Sa sitte wy by elkoar yn spanning wat er barre kin. Nei in skofke kinne wy wer op bed, it swiere waar is foarby. It kiske kin wer yn ‘e kast oant de folgjende tongerbuie.
We hawwe swier waar, it wjerljochtet om raak. “Moat de kompjuter en de tillevyzje ek ùt?” freegje ik myn man. Hy sjocht my nùver oan.
Wat wit hy nò fan it kistke ôf? Wer binne de fersekeringspapieren en it trouboekje? Hawwe dy noch wol?
Ik sjoch me noch sitten, mei myn bruorren om’e tafel, krekt as jo. Myn heit kaam fan in pleatske poer op’e romte, dat dy wie dat fan thús út went. Hy wie dan ûnrêstich en stie meastentiids yn’e doar nei it needwaar te sjen. It wie him fêst te benearend yn hûs. Ik moat sizze dat ik justerjûn ek in pear kear tocht ha as de tillevyzje en de kompjoeter ek út moasten.
En dochs hie it wat, fynst net !