Yn it ferline
Dèr rinne wy dan, myn soan en ik, oer it tsjerkhôf fan Âldeboarn. Hy mei de kamera yn oanslag. Nei in besiikje fan in dierbere gean wy nei it grèf fan myn âlden. We rinne altiid it selde rûntsje. En dan moat ik fertelle fan dy minsken dy `t ea libbe ha. Nammen sizze him neat mar hy wol de skiednis achter it minske witte. En dan komme de ferhalen.
We rinne lâns âlde grêfstiennen fan minsken fan lang ferlyn mar ek lâns nije grêven “Mem,” freget myn soan; “wat wie dat nò foar minske?” We rinne lâns de rike skiednis fan myn doarp. Bekinde minsken dy as in film oan myn eagen foarby geane. By eltse man as frou kin ik wol wat fertelle. We rinne lâns stiennen mei oandwaanlike teksten. Jong en âld, elts hat syn fertriet mar hja tsjûge ek fan in protte leafde en leauwen. Wat hat ùs doarp dochs in ryk ferline, mei dichters skriuwers sawol muzikale sjenien.
Wyls wy der sa omrinne komt der in gefoel fan tankberens oer my, dat ik diel ùtmeistje mocht fan dizze mienskip, myn doarp.
“Sille wy mar nei hûs, mem? It wurd hjoed wer patat…”
En it wie in goeie dei. Bliid dat ik west bin.
It is ek in stikje komôf fan dy.wes der wiis mei.