Kieze as diele
Wy moatte kieze as diele, wat is dat somtiden dreech.
In streamfoarsjenner freget ùs as wy ùs bine wolle foar trye jier. “Jimme betelje tefolle foar jimme providers…“, seit ùs soan. “Jimme kinne it better by ien leveransier hâlde.“, seit in oare soan. It is foar ùs in puzzel. Wat is it foardielichst foar ùs? Net ien kin it ùs fertelle. Myn buorman -de frachtrider- seit: “Der komt noch mear gedonder yn it middenoasten” ,hy kin it witte hy riid op it bûtlân; “alles wurd djoerder. Rekkenje dèr mar op.” In oar seit wer: “As it goedkeaper wurd betelje jimme gâns wat tefolle.” Wat is wiisheid?
Sa giet it yn hiel ùs libben. Wy moatte kar meitsje en it giet nèt allinne mar oer jild mar ek oer saken as gelok. Ik sil earlik wèze; ik bin net altiid geduldich en lusterje net altiid nei goeie ried. Wat kin ik dan kwea wèze op mysels: “Grutte suffert!” siz ik dan, “Tel earst es oant tsjien ta!” Troch skea en skânde ha ik leare moatten om by grutte beslûten nei myn hert te lûsterjen en net nei it ferstân.
Mar kin it hert wol sûnder de wiisheid fan it ferstân? En it ferstân wol sûnder it gefoel fan it hert?