Onder De Linden
In jonge fan sechstsjin jier sit oan ‘e bar yn it café “Onder de Linden” yn Lùnbert. Hy wie noch wol oan de jonge kant om dèr te wèzen, mar ja wat moat je oars as jo oars neat dogge as wurkje fan moarns ier oan `t jûns let. Achter de bar hinget in grut skilderij mei trije katten der op. Se sitte op in tafel en hawwe rûzje om in panne mei molke. De jonge is troch it tafriel ûnder bekoaring kaam. Mar it kasteleinske wol him nèt ferkeapje. Op in dei seit se tsjin him; “Ik gean fuort en do meist it skilderij hawwe.”
Sa hat it altiid by ùs thùs boppe de skoarstienmantel hong. Letter ha ik it skilderij krige en nò hinget it al wer hiel lang by ùs yn de keamer. It is in nijskjirrich tafriel mei de titel “Bedorven Lievelingen“en is ùtjûn troch ùtjouwerij Joh. IJkema, ‘s-Gravenhage.
Ik tink dat myn heit it wurdearje soe dat ik der mei pronkje…