Pinkoade
Ik stean yn de file foar de kassa fan in supermerk. It is drok en ek noch iere betiid op ‘e moarn. Memmen mei seurderiche bern en âlde minsken mei in rollater, se steane allegearre yn de rige.
Einliks bin ik oan bar en begjin entûsiast de boadskippen op de bân te setten. Ik skou myn kaartsje troch it pinapperaat mar it ding seit “foute koade”. Dan mar foar de twadde kear: it ding seit wer it selde. Ik wurd senuweftich en druk it kaartsje noch mar ris troch it apparaat. Wylts it famke my warskôget om it net foar trèdde kear te dwaan gean ik troch. De minsken krije mei my te dwaan. De iene tinkt: “Se sil wol read stean.” en in oare ien fynt fèst: “It is in âld minske. Se wit it nûmer net mear.” Ik lit de boadskippen mar stean en sis tsjin it famke: “Ik sil jild ophelje…” en lit alles yn panyk efter .
Ik gean nei myn bank en sis; “Ik moat in dea -ienfâldich nûmer ha want sa kin it net.” Ik freegje it bankfrommeske: “Bin ik de ienichste mei dizze swierrichheid?”
“Nè hear, jong en âld. It oerkomt eltsenien wol ris in kear. Lokkich mar…”
Sels ik ha der nog wol ris lest fan.
It is my in jier as wat tebek ek alris bard, in tank fol benzine en mar net op’e pinkoade komme kinne. Ik ha op’t lêst, nei in skoft fanside stean te hawwen foar betinktiid, myn soan skille. Hy hie in wike as wat lyn foar my pint, doe’t ik der net út koe. Gelokkich hie hy wol in goed ûnthâld en koe ik dochs noch betelje. De benzine werom jaan wie ek gjin opsje.