De Sparrebeam
“Kin fan dy beam ek wat tûken ôf?” ropt myn achterbuorman; “… wy ha san rommel fan dy nuddels op it terras!“
Hy komt der mei op in sear stè want ik bin -o sa- wiis mei dy beam. Dû wy hjir jierren allyn kamen te wenjen stie hy der al. It is in pronkje om te sjen, hat prachtiche tûken dy elts jier langer en langer wurde. Der wenje in hiel soart fûgels yn en somtiden fan in ônbekind soart. En dan noch beskermet hy ùs foar nijsgjirrigens fan minsken dy om ùs hinne wenje. Der is yntusken noch in buorman by kaam en noch ien fan de oare kant fan it paad. Se begjinne hun der allegearre mei te bemuoien: dy iene wol allinne de ûnderste tûken der ôf en in oaren ien wol him mar hielendal omseachje.
Ik kin it net langer mear oan hearre. “Hò es!” rop ik mei ùtset lûd; “Ha ik ek noch wat yn te bringen? It is wol myn beam, hear! Earst mar es oan de kofje, nèt?” Ik besiikje tiid te winnen en al gau komt it praat oer de fuotballerij. En dan witte jimme it wol, manlju binne der noait oer ùtpraat. Ùt einliks sette hja wer op hûs oan en binne de hiele beam fergetten…
Letter op ‘e dei bin ik by him (de beam, ) lâns west en ha my eksekuseare foar ùs minslik gedrach. It is goed hear , sei er…