Rotondetsjerke
De Terbantstertsjerke -bekender as de Rotondetsjerke– is de ienichste underweis tsjerke fan Fryslân.
Yn Nederlân binne der tsjien fan. Eltse snein wurde der koarte tsjinsten hâlden fan in healûre. Bedoelt foar minsken dy ûnderweis binne en efkes ùtpùste wolle. Nei dat de diken omlein binne by it Hearrenfean wurde de tsjinsten it meast besocht troch minsken ùt de omkriten. Troch de wike hinne wurde der noch rou- en troutsjinsten hâlden mar ek konserten jûn. It is in unyk gebou mei in Van Dam en Timmer oargel, by de lèste resteraasje wie Jan Jongepier noch adviseur.
En yn dy moaie entoeraazje mochten myn freon en ik sneitemoarn foargean. It tema wie In byld fan God. Elts fan ùs hat mooglik in God‘s bield yn syn tinzen. Mar it sil by eltsenien oars wèze. Net ien wit it mar hy as sy kleurt it sels yn neffens hoe syn libben ferrint as nei wat er meimakke hat. Dochs is it goed om der mei ûnderskate minsken fan gedachten te wikseljen. En wa God is? Wy binne der net ùt kaam. “Ik bin dy ik bin, Ik sil der wèze ” Litte wy ùs dèr mar oan fest hâlde.
It wie goed dèr efkes ùt te pûsten, wy kinne wer underweis…
Foto boppe: Frysk Foto Archyf