Utféart
Foar de doar stean in man en in frou kreas yn it pak. Op myn fraach wert ik mei helpe kin seit de man; “Denkt U wel eens aan uw uitvaart?”
“No nè“, siz ik; “en nò al hielendal net, ik bin oan it itensiden.“
“Bent u wel verzekerd in geval dat?”
“Wat bedoele jo einliks?”, sis ik.
“Weet U er kan U zomaar iets overkomen en wat moet er dan gebeuren?“, giet er fjierder.
Ik rûk dat er wat oanbrând; it sille de jirpels wol wèze tink ik. Ik rop nei myn man: “Dochst it gas wat leger want ik bin mei myn kremaasje dwaande…“
De frou komt tusken beide en freget as hja der efkes yn komme meie. Dat praat wat nofliker fynt se. Op it lest sis ik; “Sit mar net oer my yn. As it sa fier is hearre jimme it wol.“
Teleurstelle rinne sy nei de buorren. ‘Wat in baan‘, tink ik noch; alle dagen mei de dea by de doarren lâns. Dû ik in bern wie kamen der faaks negoasjerinners by de doar mei knopen, elestyk, fiterbân ,lùzekammen, hierboarstels en sawat hinne. Mar sutelje mei de dea dat wie der noch net by… –tiden hawwe tiden-
Ûnder it iten sis ik; “Moatte wy it ek es hawwe oer wichtige saken?”
“As it mar net oer ùtfeart giet“, seit er; “… oanbrânde jirpels ha ik genoch oan…“
Ik moast d’r gewoan een bytjse lûdop om laitsje; Want A. it is herkenbaar en B. ik kin us heit een bytsje. Wit krekt hoe hij reagearje kin.
Goed stik 😉
Saaklik en nèt eamelje, mar sûnder humor is it libben earm. Humor is soerstof der kinne wy net sûnder it heard by it sykheljen.