Witte jimme noch wol?
Wy sitte by elkoar as broers en susters. Dat dogge wy regelmjittich. En dan komt it petear fansels oer eartiids. Dat komt troch de omjouwing. Myn broer wennet yn de âld molkfebryk fan Âldeboarn. Hja hawwe it gebou hielendâl ôfbrutsen en der apparteminten fan makke. Allinne it direkteurshûs is bestean bleun en renovearre. It binne prachtige wenningen wurden. Myn broer hat -fine wy- it moaiste stee krigen. Mei it ùtsicht op de Boarn en it wipbrègje dat nei in haventsje giet.
En as wy dan sa byelkoar binne, giet it praat steefèst oer ùs heit. Eartiids wie hy molkfarder en lei hy mei syn skou foar de wal wer`t nò myn broer wennet. “Koe hy noch mar efkes by ùs wèze…“, sizze wy dan. Faaks koene wy it er noch ris mei him oer hawwe. Oer it swiere drege libben fan in molkfarder, waar as gjin waar de molke moast nei it febryk. Tiden hawwe tiden….
En dan sizze wy tsjin elkoarren; “Witte jimme noch wol?”