It libben fiere
Yn de âlde pastorije fan de Herfoarme tsjerke fan myn doarp ha wy it libben fiert. Myn skoansuster waard tachtich jier en dat ha wy witten. De hiele famylje, buorlju, goedkunde en wa`t mar koe kaam er op ôf. Hja hawwe dan ek hun hiele libben lang yn it doarp wenne. Troud, bern krigen en fan alles dèr belibbe, ek mei de ynwenners fan hun doarp.
Nei in hapke en foaral in drankje waard er troch de bern hiel wat anekdoates ophelle. Wat wie it gesellich de measte doarpsgenoaten koe ik noch. En hja my. Myn man, dy`t ùt hiel oare omkriten komt, begrypt neat fan myn gefoelens mar sokke tiden… dan kom ik wer thùs.
Dit is myn doarp wer `t ik berne en opgroeid bin. Myn jongste oantinken oan dizze pastorije is in dei fan buolguod. De dûmny wie stoarn en de bern hâlden buolgoud. Ik mocht mei myn heit mei en midden yn it doarp stie de hiele brot fan de pastorije op ‘e dyk. Sa kamen wy mei in prachtich âld kastje thùs wat nò noch te pronk stiet yn ùs hûs.
Wy hawwe hjoed it libben fiert en hope dat sa lang mooglik te dwaan…