Skuorsek
Ha jimme dat ek wol es? In misse dei in dei dat min yn de skuorsek sit. Dat oerkaam my juster: alles rûn tsjin. Gjin waar foar de tùn, ik soe fan alles dwaan mar yn dy blabze kin men neat. In hûn dy `t op stjerren nei dea is. Stoofparkes oanbrânne litten en de stofsûger ferrekt it. In soan soe nei Spanje en miste syn fleanmasine en moast stoom ôfblaze.
Ik tocht ik moat er ùt, de wyn om ‘e holle en dom wei nei it doarp rinne. Al gau bruts de sinne troch en sa stean ik mei tassen fol boadskippen by de bushalte. Ach hearkes… by de wachtsjende minsken stiet in bekinde fan my. En ja hear, dèr begjint sy al mei de oanfal. “Hoe âld bisto eigentlik?”, freget se my. Foar dat ik antwurdzje kin komt er help ùt ûnferwachte hoeke: “Fest jonger as jo binne sa te sjen!”, seit se. Ik kin it fremde minske wol tùtsje… dat hie ik op dat stuit nedich.
Somtiden binne it mar lytse dingen dy`t jo er boppen ùttille.
Ik bin wer ùt de skuorsek en kin it deistiche libben wer oan, de sinne skynt en de stofsûger docht it ek wer.