Lokaal ferfier
“Moatte jo ek mei it lokale ferfier?” freget de âlde man oan my. Ik sit op in bankje yn de hal fan it sikenhûs. Ik skow in eintsje op en wiis neist my. Krom en swier leunjend op syn stok stiet hy foar my.”Gean mar sitten..“, sis ik; “wy moatte noch efkes wachtsje.“
Dan ferteld er dat hy nei de eachdokter west hat, hy sjocht min. “Ik sjoch wol de omkriten fan jo gesicht mar net jo moaie eachen en jo krollich hier.” seit er. “Nò“, sis ik; “it hier is net sa krollich mear en de eachen binne ek net mear sa as sy wiene. Wat dat oan belanget misse jo neat.” Ik snùt myn noas ik bin ferkâlden wurden. De man siket om syn beurs alle bûsen wurde omkeard, hy moat in euro ha, foar it lokaal ferfier. Ùt it fesjebûske fan syn jas falle in stik as mannich briefkes fan hûnderd op ‘e grûn. Ik siikje it op en doch se wer yn syn bûse.
“Kin ik in euro fan jo krye foar de taksy?” freget er. “Ja wis wol“, sis ik en skarrelje wat lytsjild byelkoar. De taksy sjaufeur stiet al op ùs te wachtsjen. “Wer moatte jimme hinne?” freget er. De âld man seit; “Wer`t dat frommiske hinne giet moat ik ek hinne.” en hellet in pear briefkes fan hûnderd ùt syn bûse. Ik jow de sjaufeur twa euro en stopje it papierjild mar wer yn de man syn fesjebûske.
Ik ha mei de âld man te dwaan. Soe hy goed thùs kaam wèze?