Aldjiersgrappen
Der giet wer in hurde knal, ùs hûn spat by de glêzen op. Hy net allinne mar ek wy skrikke ùs by tiden hast dea. Al dagen giet it sa. “Wer is ùs wykplysje?“, freegje wy ùs ôf.
Sokke dagen gean faaks myn tinzen nei myn doarp werom. Ik hie twa bruorren dy dan mei hun maten der op ùt gongen. In pear grappen kin ik my noch klear foar de geast helje. De Boanstertoer moast in skoft yn de steigers en der mocht nèt let wurde. Dat wie al in hiel lang sa, de boarnsters misten it slaan fan de klok en it lieden by begraffenissen. De knapen lieten hun opslute nei de aldjierstsjinst en om tolf oere begûng de klok te lieden. De koster yn panyk en al gau kaam de plysje er by. Mar net ien koe yn de tsjerke komme alles wie op slot. Al gau stie it swart fan de minsken en begûn min te applaudisearjen. Op in oare kear ha se in buordsje by in parkje wei helle en by it tsjerkepaad del setten.
Op it bourdsje stie: “Ien stap tebek en jo binne wer op it goeie paad.” Wat hie it tsjerkfolk in wille doe sy der lâns kamen. Sa kin ik noch hiel wat anekdoates fertelle mar foar dit stikje soe it te lang wurde. Wer bliuwe de aerdiche unskuldiche grappen hjoed de dei?
Der giet wer in grutte knal. De hûn sjit onder de tafel en myn man smiet syn gehoarapparaat fuort. Somtiden wurd ik nostalgysk as ik oan dy tiden werom tink. Soe dat de âlderdom weze?