Folle seine en frede
De boadskippen binne yn ‘e hûs, de krystkaarten hingje en it stof is fan de telefysje. It moaie krystkleed fan myn skoanmem is wosken en strutsen en it sulver poetst. Ik bin der klear foar, de bern kinne komme.
Mar bin ik der sèls klear foar om it Kristusbern wolkom te hjitten, freegje ik my ôf. Want dat is dochs it doel fan Kryst: de Man dy ienkear frede brocht yn de wrâld. Ik wit wol, it giet net om al dy franjes en drokte rûnom dit feest. Mar ha wy noch plak foar Him yn ùs hûzen en yn ùs libbens?
Wit jo wat; ik set er in stoel by…
De lèzers fan myn stikjes en har sibben winskje ik seine Krystdagen en in nij jier fan frede.
2.397
Ik winskje jo ek folle lok en seine yn dit nije jier en hoopje dat jo noch hiel lang jo prakkesaasjes en ferhalen oar it ferline op “papier” sette mei, sa dat wy as lêzers der fan genietsje meie.
Mei freonlike groetnis
Sjoerdtsje
Ek do Sjoerdtsje en dyn sibben folle heil en seine. Tank foar it komplimint, ik sil hieltyd ophâlde mar kin net.