Pankoek bakke
“Atsje, wy moatte pankoek bakke.“
It is âlve oere jûns yn it lèste jier fan de oarloch. Willemke, ùs buorfrou, stiet midden yn de keamer mei de pankoekspanne yn oanslach. Ik ha allegear minsken ùt it westen by de doar dy honger hawwe. En sa stean se tegearre oan ‘t fier yn de nacht te pankoekbakken. Ik wit net mear wer op , in fjouwer pits petroaljestel as op it duveltsje. Mar de minsken krigen sèd en gongen lèt de neargeastiche nacht wer yn.
En elke kear as ik oan it pankoekbakken bin sjoch ik it tafriel wèr foar my. Mei grutte bewûndering tink ik altiid oan dizze sljochthinne minsken. Mar sy binne wol de pylders west fan it dea gewoan minskewèzen yn oarlochstiid.
“Mei ik noch in pankoek?“, ropt myn man?
“Nè..”, sis ik; “..do groeist noch es ticht!“
Ik soe d’r sa nocht oan krije! Ynkoartens mar efkes pankoekbakke?
Mar dan efkes.
As t wer es komst sille wy los, mei sjem sjerp as spek as mei brùne sûker ,do seist it mar…
Doch mar mei tsiis en spek. Dat fyne wij it noflikst.