Ha jo ek in identiteitskaart?” freget it bank frommeske my.
Oeral moat min hjoed de dei jins identiteitskaart sjen litte. As ha jo noch sa’n earlik gesicht as binne jo al op âldens, jo moatte bewize kinne dat jo it ek echt binne. Der ha ik muoite mei moat ik sizze.
Op myn âlde siet in nuvere pasfoto. Ik lykje der op in nicht dy ik net lije mei. Doe moast myn bril ôf en ik moast myn mûle ticht hâlde.
Sis no sels; sa lykje jo dochs op in poer frjemd minske. Ien dy `t socht wurdt by Opsporing Verzocht. Mar wat seit sa’n foto no fan dy persoan? Ik wit dat ik o sa op myn mem lykje, fan aard en fan postuer. Net dat ik der lêst fan ha, sy hie goeie mar ek mindere goeie eigenskippen. Mar ik bin ik in hiel oar persoan en dat wol ik ek op de pasfoto ha.
Mar hoe dogge jo dat? Ik sykje in goeie fotograaf dy fierder sjocht dan it gesicht foar him. Mar wer fyn ik dy? Ik ha him fûn: in jonge man dy`t krekt foar him sels begong is. Earst koe ik him net oan it ferstân bringe wat ik no krekt bedoelde.
It is klear kaam. It is in kreaze pasfoto wurden. Al lykje ik der sprekend op Doutzen Kroes. Soene hja my leauwe by de bank?