Opromming
Al wiken lang kom ik lâns in grutte meubelsaak. It is oprommingstiid, sa ek by dizze winkel. Se hawwe prachtiche flierkleden yn in grutte bak bûten stean. Se binne al aerdich ôfprize mar binne my noch te djoer.
In skofke allyn ha wy in oerstreaming hân en nije flierbedekking sjoche wy beide tsjinoan. It wurd in hiel geheister mei kasten en sa, dat in flierkleed kin ek hiel wat kamûflearje. En ja, hear: juster kaam ik der foarby en foar in moai priiske ha ik it kleed kocht. Mar doe kaam it: hoe ferfiere jo soks? Ik hie myn boadskipperskarke by my. “Dan moat hy der mar rjocht op yn stean.” tocht ik sa. Max ùs hûn kaam oan de oare kant. Nò, ik ha it witten. Max luts my de berm yn en it kleed gong mei. Ik bin oan it fûterjen op my sels. Wat ha ik dochs ùthelle?
Dan yn ienen hear ik roppen. In frou komt er oan draven en yn breklik Nederlânsk seit se dat se my helpe sil. En sa skarrelje wy nei hûs ta. Underwylts ferteld se dat sy in Sjileenske is. Wylts wy hâlden en kearen ha mei de hiele brot seit se dat sy slim ûnwennich is fan har heitelân. We komme thus. Hja freget as ik es lâns komme wol en foar dat ik har betankje kin kry ik in dikke tùt.
Ik bin er oandien fan. Wy prate ôf dat ik ynkoartens by har komme sil. Frjemd mar ik bin hast blider mei dit moetsjen dan mei it flierkleed…