Samlings
“Noch ien plakje op de finsterbank en dan moat ik ophâlde.“, seit se. Rûnom stean hynders troch it hiele hûs hinne. Sels op de planke yn it huske.
Ik bin op besite by in freondinne en ha in hynderke meinaam. Sy fersammelt se sawol yn it grut as yn it lyts, fan hout en fan stien. Har heit wie eartiids boer mei foarleafde foar hynders. “It sil dèr wol wei komme…“, tink ik. Se hat ûnderwylts in plakje fûn en wiidweidich ferhellit se wer de bisten wei komme.
Wat minsken sa al fersammelje. Bijtiden kin ik my der oer besauwe. Mar eartiids ha ik sels in fersamling hân fan strykizers. Oeral wert ik kaam seach ik om my hinne as er wat fan myn gading wie. Sels as wy mei fekânsje yn it bûtelân wiene moasten wy alles ôfstrune nei aparte striikbouten. Ta grutte argewaasje fan man en bern fansels. Alle boeken moasten ùt de boekekast en de bouten der yn.
Ach, wat koe ik grutsk foar de kast stean oeren oanien. Doe ferhûzen wy nei in lytser wente, de hiele fersamling waart ferkocht der wie gjin romte mear foar. En de kast… der stean de boeken wer yn.
Mar wat hat it my in nocht en fertier brocht. En dat kin net ien my ôf nimme…
Wist it noch wol jonge, doe wy yn York wiene, wat ha wy der in kurieus strykizer kocht, kinst it dy noch foar de geast helje?
Ja, dat wil noch wol. Net mear wat foar izer mar us trip noch wol. Geselliche tiid, dat wol.