Stofsûgerje, der is gjin minder wurk dan dat. Wat ha ik der in hekel oan. En dochs moat it mei in hushâlding fan minsken en beesten. Mar bleun it der mar by. Sa bin ik regelmjittich op myn kompjûter oan it stofsûgjen. It moat oprèdden weze.
Myn mailboks moat oersichtelik weze. Gjin reklame as rommel wat der net op thus heard. Ta grutte argewaasje fan myn soan. “Mem hat safolle -mega romte- oer. Sparje it mar op.” seit er hieltiid. Mar ja, ik bliuw in husfrou, it sit er yn. Dat kryt min er net wer ùt. Mar ik sit mei de gefolgen.
Dan de ôffalbak mar oer de kop miskyn sit der noch wat yn? Nè hear, alles opsûge. Gjin reaksjes fan myn sibben as OBA-freonen mear.
Soan, ha in bytsje konsideraasje mei dyn âlde mem. Hja moat noch safolle leare op dit med…