Tolerânsje
Ik sit yn in grot folle trein. De reizigers sitte hast by elkoar op ‘e skoat. Ferskate minsken ha noch in plakje fûn om te stean. Tsjin oer my sit in famke. Hja besiket in pizza ùt de doaze te plùzjen. Mar foar dat se begjint te iten docht se de hânnen gear. Der wurd wat om har hinne gnize. Mar ik ha grut respekt foar har. Dat se dat doarre mei al dy minsken om har hinne. Soe ik dat dyn ha?
Ùs keninginne en har skoandochter doche in holledoek om as sy in moskee besiikje. Wat is der nò op tsjin? Sy toane respekt foar de gebrûken fan it lân. De Amish yn Amerika wolle gjin reflekterende plaatsjes op hun hynder en wein ha. Der wurd bespotlik oer dyn. Okè, foar de feiligens wie it better oars fansels.
En sa giet it mar troch. Wer is de tolerânsje bleaun wer `t ùs lân bekend om wie? Oer dizze unferdraachsums meitsje ik my somtiden soargen. Soene wy der nèt tsjin yn opstân komme moatte?
Typysk gefal fan ‘tidenhawwetiden’, bin ik bang. Ik frees dat it net te kearen is…