“Wa wie ùs mem?” Dat wurdt noch wat...

Ik wol myn libbensferhaal skriuwe,“ seit myn freondinne tsjin my; “ik sil it opslaan en, as ik er net mear bin, kinne myn bern mar in moai praatsje hâlde op myn kremaasje.”

“Wat presys wolst dan opskriuwe?” freegje ik.

Wy sitte tegearre te kofjedrinken en krije it oer in freondinne dy `t krekt stoarn is. De bern witte neat fan har, allinne dat sy skyt skjin en sekuer wie. Mar oer it werklike minske achter de “mem” witte sy neat.

“En der wol ik foar oppasse…“, seit se en nimt noch mar in bakje kofje. “Hast sto al wat op papier set?” freget se my.  

“Nee,” sis ik; “ik bin noch net fan plan om der út te stappen en boppe dat de bern kinne my fan binnen en fan bûten.” Heech út soene se sizze: “Wat soe sy dizze taspraak moai fûn ha.” No ja, dat hoopje ik dan mar…

Efkes letter sitte wy oan in gleske wyn en binne wy oer ús ôfskiedsrede oan it filosofearjen. Ik kin wol sizze, it binne moaie ferhalen wurden. De titel hawwe we al skreaun: “Wa wie ùs mem?“

LÊS EK:  500-ste!
comment_count comments
Oldest
Newest
Oldest

Comment as a guest:

>